App bringt doarpsbewenners mei-inoar yn kontakt foar help

01 maaie 2017 - 22:07

Ketlik en Mildaam wurkje sûnt in wike mei HelpHamster. Op dy app kinne minsken oanjaan dat se help nedich hawwe of help oanbiede wolle.

It idee foar de app ûntstie in healjier ferlyn op de doarpetop yn Ljouwert. De ynwenners fan Ketlik en Mildaam joegen oan dat se folle mear kontakt mei-elkoar hawwe wolle. Dy oprop seagen de makkers fan HelpHamster foarbykomme by Omrop Fryslân. En sa binne de twa partijen yn kontakt kaam.

De app is del te heljen foar de telefoan en de tablet. Mar hy is ek gewoan berikber op de laptop fia de website www.helphamster.com.

Foar Ketlik en Mildaam binne der fiif kategoryen: boadskippen, tún, hûs, ferdivedaasje en doarpshelp. Elkenien kin oanjaan wat hy of sy oanbiede wol, bygelyks in kuierke, en skilderputsje of boadskippen dwaan. Fierders kinne minsken oanjaan wannear't se dêr tiid foar hawwe. Sa kin ien dy't wat nedich hat, fuortendaliks sjen wat der allegearre mooglik is.

Elk doarp kin in groep oanmeitsje by Helphamster. It gebrûk fan de app yn Ketlik en Mildaam sil ûndersocht wurde troch de makkers fan de app. Sa kinne se oer in jier sjen oft de app súksesfol is.

Trefwurden: 
Ketlik Mildaam HelpHamster
(Advertinsje)
(Advertinsje)