Seefeartskoalle siket oplossing foar 'juridyske spagetty'

01 maaie 2017 - 21:45

Studinten en dosinten fan it maritym ynstitút Willem Barentsz sille gearwurkje mei studinten fan de opliedingen Communicatie & Multimedia Design en Rjocht op de NHL. Mei-inoar ûntwikkelje se in digitaal systeem foar keapfardijskippen.

De wetjouwing yn de maritime sektor is oeral wer oars. Dat smyt problemen op. En dêr wol de seefeartskoalle op Skylge wat oan dwaan. Dosint maritime wetjouwing Welmoed van der Velde bringt nei foaren dat der wat feroarje moat.

"De wetjouwing yn de maritime sektor moat oer de hiele wrâld itselde wêze. Op dit stuit is it ien grutte juridyske spagetty." Snein sonk foar de kust fan Teksel in lege Dútske fearpont dy't troch in Poalske sleepboat sleept waard. In dei letter wie it de fraach wa't no ferantwurdlik is foar it bergjen fan it wrak. "Mei safolle ferskillende nasjonaliteiten en ferskillende wetjouwingen bliuwe dingen ûndúdlik."

Van der Velde hopet dat de seefeartskoalle en de twa NHL-opliedings ien dúdlik systeem meitsje dat oplossing jout foar situaasjes lykas mei de Dútske fearpont by Teksel.

(Advertinsje)
(Advertinsje)