Bang om te beljen, hoe komme jo oan in baan?

01 maaie 2017 - 20:35

Claudia Bouwens helpt wurksykjen hoe't se belje moatte. Sy wie ien fan de eksperts dy't moandei op de ynspiraasjedei fan it UWV yn Ljouwert wie. Bouwens freget de minsken op har kursus by hokker bedriuw se graach in kear sjen wolle. Dy wurde belle en dan wurdt in ôfspraak makke. Neffens Bouwens is it de keunst om net fuortendaliks oer in baan te begjinnen. Minsken moatte derhinne gean om út te finen oft in bedriuw by harren past. Pas letter komt in mooglike baan oan bod.

It grutste part fan de dielnimmers oan de UWV-dei bestiet út fyftichplussers. Dy groep hat it noch hieltyd dreech om oan wurk te kommen. Neffens de baas fan it UWV, Tof Thissen, moatte minsken de moed net opjaan. Aldere minsken hawwe krekt in soad te bieden. As se dat fertrouwen útstriele, komt dy baan fansels.

Wat sa'n dei krekt opsmyt is net bekend. Neffens it UWV is dat ek dreech nei te gean. It belangrykste is dat minsken selsfertrouwen krije. Dan stappe se makliker op nije wurkjouwers ôf en dogge se dat net mear op de âlderwetske wize: sollisitearje op in advertinsje.

Goed 5 persint fan de Friezen dy't wurkje kinne, sit op it stuit sûnder baan. De wurkleazens nimt ôf, mar in soad minsken dy't oars wolle, sitte noch yn de kaartebak fan it UWV.

(Advertinsje)
(Advertinsje)