Klipper sonken troch sabotaazje, plysje siket tsjûgen

De plysje docht nochris in tsjûge-oprop om sa mear te witten te kommen oer in sonken klipper yn Ljouwert. It skip lei foar de Junokade en waard dêr heal ûnder wetter oantroffen op moandei 12 desimber 2016.
Bliken die dat der mei sin fernielings oanbrocht binne yn it skip. Alles tsjut derop dat it om in aksje giet tsjin de eigener fan de klipper.
De plysje wol graach yn kontakt komme mei minsken dy't mear witte oer wat yn de nacht fan 11 op 12 desimber 2016 bard is, en dan benammen yn de betide moarn fan 12 desimber. No't der sprake is fan opset sin binne der mooglik persoanen dy't wol in ferklearring jaan wolle