SWF stekt 14 miljoen yn húsfêsting, mar is wol goedkeaper út

01 maaie 2017 - 19:43

In ynvestearring fan 14 miljoen euro yn de sintrale húsfêsting fan de gemeente Súdwest-Fryslân yn Snits smyt úteinlik jild op. Dat sei boargemaster Hayo Apotheker by de offisjele boustart fan it saneamde Bestjoershûs yn de stêd. It histoarykske gebou, dêr't ea it gemeentehûs fan wat doe 'Wymbritseradeel' hiet yn siet, moat it klopjend hert fan it politike bestjoer wurde.

Yn de eardere Rabobank oan de Marktstrjitte, dy't de gemeente ek oankocht hat, stiet it publyk sintraal, wylst yn it âlde stedhûs de profesjonals fan de gemeente ûnderdak krije.

De sintrale húsfêsting, it ôfstjitten fan de âlde gemeentlike gebouwen en ynvestearrings yn duorsumheid smite per saldo legere lêsten op foar de gemeente. De fernijbou fan it Bestjoershûs wurdt útfierd troch BouwCollectief Sneek BV. It wurk moat yn desimber klear wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)