Opsterlân bliuwt selsstannich
Opsterlân kin troch yntinsiver gear te wurkjen mei West- en Eaststellingwerf gewoan fierder as selsstannige gemeente. In weryndieling is net nedich. Dat ha boargemaster en wethâlders fan Opsterlân besletten. Dat is dien op basis fan in rapport fan organisaasje-advysburo WagenaarHoes. Neffens dat rapport is it goeie leefklimaat it sterkste punt fan de gemeente.