Provinsje: "Promotor Turfrûte moat lokaal op syk nei jild"

Stichting De Nije Kompanjons moat net by de provinsje wêze foar in bydrage foar promoasje fan de Turfrûte, mar by de lokale ûndernimmers yn bygelyks Appelskea of Easterwâlde. Dat seit deputearre Klaas Kielstra, yn reaksje op it beslút fan De Nije Kompanjons om it promoasjewurk del te lizzen. De stichting seit dat it wurk net mear mooglik is, omdat de provinsje mar foar in perioade fan trije jier jild jaan wol en omdat it bedrach fan 6000 euro te leech is.
No hat De Nije Kompanjons noch 10.000 euro yn it jier te besteegjen, troch it freegjen fan brêgejild. Dat brêgejild is mei yngong fan dit jier skrast. "Wy fûnen it heffen fan toljild yn de provinsje net gastfrij, dus dit is der yn de hiele provinsje ôfgien", reagearret Kielstra. Provinsjale marketing wurdt troch Merk Fryslân dien. Lokale promoasje moat ek lokaal betelle wurde, sa is it belied no ienris, sa seit Kielstra.
De provinsje is ree om foar in perioade fan trije jier jild te jaan. Yn dy tiid soe De Nije Kompanjons oare finansiering fine moatte. Vice-foarsitter Sieger Mulder seit dat dit net realistysk is. Sûnder provinsjale bydrage is it neffens him net mooglik om it wurk te dwaan en de frijwilligers te motivearjen om in protte tiid en middels yn de promoasje te stekken.