Auto skept fytser yn Ljouwert, ien ferwûne

01 maaie 2017 - 15:43
Ungelok yn Borniastrjitte yn Ljouwert - Foto: Anton Kappers

In fytser is moandeitemiddei ferwûne rekke yn de Borniastrjitte yn Ljouwert, doe't dy persoan skept waard troch in auto. De bestjoerder fan de auto besocht de fyts te ûntwiken en rekke doe in parkearde auto.

De fytser foel op de wei. De ferwûne persoan is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
ûngelok fytser Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)