Swimbad Skylge kin wer fyftjin jier foarút

Swimbad De Dôbe op Skylge bliuwt de kommende fyftjin jier iepen. Dat is it gefolch fan in oername troch de kommersjele partij Optisport.
De gemeente wol om besunigingsreden fan de kosten fan it swimbad ôf. Doel is dat de gemeente tenei alle jierren in fêst bedrach fan 175.000 euro oan De Dôbe jout. Dat jild is foar ûnderhâld en doelgroepswimmen.
Personiel
Optisport nimt dan it personiel oer. De swimlessen en de oare aktiviteiten yn De Dôbe gean dêrmei gewoan troch. De gemeente ferwachtet dat der foar de brûkers net folle feroaret.
Yn de rin fan dit jier meitsje de gemeente en Optisport ek noch neiere ôfspraken oer de ynfolling fan in subsydzje fan 300.000 euro. Dy moat bestege wurde oan it duorsumer meitsjen fan it swimbad.
Yn earste ynstânsje wiene der meardere partijen dy't belangstelling toanden foar it swimbad op Skylge, mar úteinlik bleaun allinnich Optisport oer. Wethâlder Jeltje Hoekstra is dan ek bliid dat de gemeente der mei dizze partij útkaam is.