"De dei fan de arbeid moat wer ien grut feest wurde"

01 maaie 2017 - 12:54

De dei fan de arbeid, 1 maaie, soe wer ien grut feest wurde moatte. Dat seit Rinke Schilstra fan Drylts. Hy is al 65 jier lid fan de PvdA, en dêrom krige hy de Willem Drees-earepenning fan de partij. Schilstra is 83 jier âld, mar hy kin him syn earste 1-maaie-fieringen noch goed heuge. De hiele stêd hong fol mei flaggen, seit er.

De PvdA grypt de dei fan de arbeid oan om de âlde leden fan de partij yn it sintsje te setten. Alle leden fan 65 jier en âlder krije in roas.

(Advertinsje)
(Advertinsje)