Plysjes helje yn ien nacht twa kear deselde man fan de dyk

01 maaie 2017 - 11:34
Plysjemotor - Foto: ANP XTRA

De plysje fan It Hearrenfean hat snein in man dy't ûnder ynfloed in auto bestjoerde yn ien jûn twa kear fan de dyk helle. In plysje dy't net oan it wurk wie, seach de man oer de A32 swalkjen. Dêr hie er de hiele dyk foar nedich.

By Akkrum waard de bestjoerder oan de kant set. "Flink afwezig" meldt de plysje. Mooglik wie de man ûnder ynfloed fan drugs. Syn rydbewiis is ôfpakt. Mar krekt nei tolven kamen plysjes de man wer tsjin. Doe ha se syn auto yn beslach naam. Earder dit jier ha plysjes it rydbewiis fan de man ek al in kear ynnaam.

Trefwurden: 
plysje Hearrenfean
(Advertinsje)
(Advertinsje)