FIDEO: Ree út it wetter rêden yn sintrum fan Harns

01 maaie 2017 - 10:42

In ree is moandeitemoarn rêden út it wetter lâns it Herenwaltje yn it sintrum fan Harns. It bist wie fia it Van Harinxmakanaal yn de grêft telâne kaam en koe der sels net útkomme. Meiwurkers fan de brânwacht, plysje en de diere-ambulânse hawwe mei help fan in spesjale stôk de ree út it wetter lutsen. It bist is dêrnei yn in grutte koer nei it ûnderkommen fan de diere-ambulânse brocht om by te kommen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)