Ferkear kin om 14:00 oere wer oer beide Ofslútdykbrêgen ride

01 maaie 2017 - 13:01

It ferkear op de Ofslútdyk hat it hiele wykein lêst hân fan fertragingen troch in steuring oan ien fan de twa brêgen oer de Lorentzsluzen by Koarnwertersân.

De hjitte fan de sinne, yn kombinaasje mei it noch kâlde Waadseewetter, wie de oarsaak fan de steuring, seit in wurdfierder fan Rykswettersteat. Fan 14:00 oere ôf kin it ferkear wer oer de brêge ride.

It wie net foar it earst dat der in steuring wie yn ien fan de Ofslútdykbrêgen. Ferline jier hat Rykswettersteat noch foar mear as ien miljoen euro ferspikere oan de brêgen en de sluzen yn de Ofslútdyk.

(advertinsje)
(advertinsje)