Ljouwerter heiwurk duorret hiele wike oant 23:00 oere

01 maaie 2017 - 10:31

De hiele wike wurdt der wurke oan in nije ûndertrochgong foar fytsers yn it Stephensonsfiadukt yn de westlike ynfalsdyk fan Ljouwert. Der moatte hiel wat heipeallen de grûn yn. Om dat sa flot mooglik klear te krijen, giet it wurk alle dagen troch oant alve oere jûns.

De oannimmer ferwachtet dat de oerlêst op dy manier safolle mooglik beheind wurde kin. It wurk duorret oant úterlik 6 maaie. Wethâlder Friso Douwstra sloech moandeitemoarn de earste peal.

(Advertinsje)
(Advertinsje)