Plysje warskôget hûnebaaskes foar bakte spûnzen

01 maaie 2017 - 10:13
In bakte spûns - Foto: Twitter, @polheerenveen

De plysje op It Hearrenfean warskôget eigeners fan hûnen yn de wyk De Greiden foar bakte spûnzen. It ôfrûne wykein is sa'n spûns fûn yn de Kemphaanstrjitte. As hûnen in spûns opite, kinne se der slim siik fan wurde of sels dea oan gean. De ôfrûne wiken waarden yn De Greiden ek al stikken fleis fûn dêr't mooglik fergif yn siet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)