Kollum: "Lit dy net opnaaie"

01 maaie 2017 - 08:22

"Dit wykein wie der heisa oer de Nasjonale Plysje. Dy wol de sifers oer it oantal asylsikers dat belutsen is by kriminele activiteiten net iepenbier meitsje. De Telegraaf besocht mei de Wet Openbaarheid van Bestuur, in saneamd WOB-fersyk, de plysje te twingen om dizze sifers bekend te meitsjen. Dat is noch net bard, mei as belangrykste reden dat it giet om it beskermjen fan it 'opsporingsbelang'.

Kinst hjir op twa wizen nei sjen. A. Fynst krekt as De Telegraaf dat it giet om nasjonale feilichheid en dus moat de plysje soks iepenbier meitsje. Of B. Fynst dat de plysje der goed oan docht om op dit stuit de sifers noch efkes ûnder de pet te hâlden. Want it is fansels oalje op it fjoer foar al dy minsken dy’t no al om it lûdst roppe dat asylsikers allinnich mar ellinde meibringe.

A of B, hoe’st der ek nei sjochst: feit is dat berjochten yn de media fan grutte ynfloed binne op hoe’t wy tsjin de wrâld oansjogge. Kinst no noch fine dat elkenien hjir wolkom is yn Nederlân, mar ast aanst de kriminaliteitssifers fan asylsikers ûnder de noas krijst, kin dyn miening wol hûnderttachtich graden draaie.

Presys dêr ha wy ús media foar. Om ús beide kanten fan it ferhaal sjen te litten. Sa kinne wy foar ússels in objektyf byld foarmje. Mar objektyf wêze is noch in hiele keunst. Nim as foarbyld it berjocht oer Henk de Jong, haadtrainer by De Graafschap. Ofrûne wike kaam it nijs dat klupikoan Rogier Meijer ôfskied nimt en oerstapt nei NEC. Meijer trainde de ôfrûne jierren de A1 junioaren fan De Graafschap en sil no oan ‘e slach mei de junioaren fan NEC. In nije útdaging dus.

Henk de Jong waard dêr oer ynterviewd troch Voetbalprimeur, dy't in stik op de eigen webside sette. De kop wie 'De Jong jaagt clubman weg bij De Graafschap'. Der waard dúdlik efkes yn it wespenêst fan De Graafschap poke. Sjoch, en dan kinst ús Henk noch net. Dy trainde jierrenlang by Harkemase Boys en lit him net sa gau stekke. As in wiere killer bee sloech er keihurd werom mei in ynterview by FOX Sports, dêr’t er it folgjende sei:

“Dit is opnaaien, dit is haat naar de mensen toebrengen. Je moet niet zomaar verhaaltjes verzinnen en er dan een kop boven zetten. Dit is niet netjes, dit hoort niet zo. Ik heb ook een gezin.”

En gelyk hat er. Dat realisearre de haadredakteur fan Voetbalprimeur him ek. Al rap waard de kop boppe it artikel feroare en ek waard it ferhaal oanfuld mei in reaksje fan Rogier Meijer sels. Dy joech krekt as Henk oan dat de haadtrainer neat mei syn beslút te meitsjen hie, mar dat er gewoan foar in nije útdaging kiest. En sa wie it wer rêstich yn De Achterhoek.

Mar dy mooglikheid om foar de kamera te reagearen op sokke ferdraaide nijsberjochten, sa’t Henk dat no die, dy hat fansels lang net elkenien. Dus as de Nasjonale Plysje de sifers bekend makket fan kriminele asylsikers, dan is der net ien dy’t him oan dit wespenêst weaget.

As asylsikers dy’t hjir neat mei te krijen ha aanst wegere wurde yn winkels of útskolden troch tokkies dy’t ‘Jij bent viiiiieees’ roppe, dan is der gjin Henk de Jong dy’t yn de kamera sizze sil: “Dit is niet netjes, dit hoort niet zo. Zij hebben ook een gezin.”

De sifers sille hoe dan ek aanst boppe wetter komme. Litte we út Henk syn wurden ien belangryk boadskip helje. Wy moatte der om tinke dat wy ús net opnaaie litte. Wy moatte de haat net nei de minsken tabringe. Want fuotbal is úteinlik mar in spultsje. Mar yn dit gefal stiet der folle mear op it spul."

Nynke van der Zee fan Aldegea Smellingerlân is freelance-tekstskriuwer foar ferskate Fryske media en wurket dêrneist by de NHL. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.

(advertinsje)