Fryslân stiet stil by Gerrit Kaspersma (19) op 4 maaie

01 maaie 2017 - 07:44
  • Wa wie Gerrit Kaspersma?

De jierlikse deadebetinking op 4 maaie by it Kazemattemuseum yn Koarnwertersân is dit jier oars as oars. De soldaten dy't ferstoarn binne yn de Wûnsstelling wurde foar de betinking adoptearre troch learlingen fan de Johan Willem Frisoskoalle yn Ljouwert. Ien fan de earste soldaten dy't yn de striid om de stelling omkaam, de 19-jierrige Gerrit Kaspersma, siet op dy skoalle.

It Kazemattemuseum hat noch in protte guod fan Kaspersma, seit Anne van Schepen fan it museum. In brief bygelyks, dy't Kaspersma skreaun flak foar syn ferstjerren, mar ek de helm dy't er op hie doe't er deasketten waard. Dêr sitte twa kûgelgatten yn.

(advertinsje)