Karke nije achtbaan Duinen Zathe sit skoftke fêst

30 apr 2017 - 22:33
De London City Coaster, de nije achtbaan yn Duinen Zathe - Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

In karke mei passazjiers fan de nije achtbaan yn attraksjepark Duinen Zathe yn Appelskea hat sneintemiddei in skoftke fêstsitten. Dat meldt it Dagblad van het Noorden. It weintsje fan de London City Coaster bleau op meters hichte stilstean, sa is te sjen op in filmke. In meiwurker fan it park klom sûnder befeiliging omheech, om it karke in triuw te jaan sadat it wer los kaam. Nimmen rekke ferwûne by dizze gefaarlike aksje.

De achtbaan waard koartlyn iepene foar publyk, mar Omrop Fryslân mocht fan tefoaren al in ritsje meitsje en makke dêr in 360 graden fideo fan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)