Brassband Blaast de Bazuin moat op syk nei nije dirigint

30 apr 2017 - 21:28
Dirigint Aline Werkman - Foto: Blaast de Bazuin

Brassband Blaast de Bazuin út Surhústerfean moat op syk nei in nije dirigint. Nei sân jier nimt liedsfrou Aline Werkman ôfskied fan de brassband. De 30-jierrige Werkman folge yn 2010 Bienze IJlstra op en waard dêrmei de earste froulike dirigint yn de yntusken 117-jierrige histoarje fan Blaast de Bazuin. Under har lieding wûn de brassband ein ferline jier in sulveren plak op it NK foar brassbands yn Utrecht.

"Het besluit was heel lastig. Ik heb het enorm naar mijn zin bij Blaast de Bazuin", fertelt Werkman oer har beslút. "Het is soms tijd voor een frisse wind. En dan kan je maar beter op een goed moment stoppen." Werkman bliuwt oant en mei de simmer by de brassband. Se komt foar it lêst yn aksje by it tradisjonele strjitkonsert yn it sintrum fan Surhústerfean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)