Seldsume moerashynsteblommen oantroffen

Moerashynsteblom © Twitter, @KarstMeijer
Trije tige bysûndere soarten moerashynsteblommen binne it ôfrûne wykein oantroffen yn Fryslân. Ien soart, de Fryske hynsteblom (taraxacum frisicum), is op gjin inkeld oar plak yn de wrâld te finen as yn Fryslân. Dat meldt it Herbarium Frisicum yn Wolvegea.
It herbarium hat dit wykein yn gearwurking mei Steatsboskbehear de Jacht op de Moeraspaardenbloemen hâlden. By dizze jacht binne de seldsume en kwetsbere soarten oantroffen. Fan de seis soarten moerashynsteblomen dy't yn Nederlân foarkomme, hat Fryslân der no trije en dêrmei is ús provinsje de rykste op it gebiet fan dizze soarten. Yn it wykein fan 6 maaie is der wer in nije jacht.
Der waard lang tocht dat de moerashynsteblom útstoarn wie yn Fryslân, mar yn 2015 waard er dochs wer fûn.