Stichting foar promoasje Turfrûte hâldt definityf op

De Stichting De Nije Kompanjons, de promotor fan de Turfrûte troch Súdeast-Fryslân en Drinte, hâldt der definityf mei op. Neffens de stichting is der net genôch jild mear foar promoasje fan de Turfrûte. De frijwillige Kompanjons rekke koartlyn yn swier waar mei de provinsje. Se mochten gjin jild mear freegje oan de boatsjeminsken dy't de rûte farre wolle en rûn dêrtroch tûzenen euro's mis. De provinsje hat in tydlike kompensaasje oanbean, mar dy is neffens de stichting net genôch om de promoasje profesjoneel oan te pakken. De Stichting De Nije Kompanjons waard yn 1974 oprjochte.
Neffens vice-foarsitter Sieger Mulder fan De Nije Kompanjons bliuwt de stichting yn alle gefallen dit jier noch wol op de eftergrûn oanwêzich. "As der problemen binne yn de begelieding fan minsken dy't op de Turfrûte farre, dan litte wy dy minsken fansels net yn 'e steek."