Jannick de Jong wint gersbaanraces yn Eenrum

30 apr 2017 - 18:20

Jannick de Jong hat snein yn Eenrum de finale fan de twadde wedstriid fan it iepen NK gersbaan wûn. De Jong helle net de measte punten, mar pakte dochs de winst mei 15 punten. Twadde waard Romano Hummel mei 18 punten en Henry van der Steen einige op in dield tredde plak mei 14 punten. Yn totaal wurde der fiif wedstriden ferriden foar it iepen NK gersbaan. Yn it klassemint stiet sânfâldich Nederlânsk kampioen De Jong no boppe-oan mei 35 punten, folge troch Hummel mei 32 punten en Van der Steen mei 28 punten.

Dirk Fabriek foel yn de finale yn Eenrum út troch koppelingproblemen. Hy waard fiifde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)