Kuorballers LDODK ferlieze fan Fortuna

30 apr 2017 - 16:55
Foto: Omrop Fryslân

LDODK hat sneintemiddei yn Delft mei 21-15 ferlern fan Fortuna. De kuorballers fan De Gordyk/Terwispel gongen nei de earste helte noch oan de lieding mei 13-9. Nei it skoft begûn Fortuna lykwols yn te rinnen. Healwei de twadde helte stie it 15-14, mar LDODK miste kânsen. Dêrtroch rûn de thúsploech hieltyd fierder út en einige de wedstriid úteinlik yn it foardiel fan Fortuna.

(advertinsje)
(advertinsje)