Ungelok op de A7 by Snits, meardere minsken ferwûne

30 apr 2017 - 12:13
Foto: BTBmedia

Op de A7 by Snits binne sneintemiddei meardere auto's mei elkoar yn botsing kaam. It ûngelok barde by de ôfrit fan de dyk rjochting Snits-West. Troch noch ûnbekende oarsaak soe in auto op in oare auto botst wêze. De helptsjinsten wienen gau te plak. Ferskate ambulânses soenen meardere minsken nei it sikehûs yn Snits brocht hawwe. It is net bekend hoefolle minsken der ferwûne rekke binne en hoe't it mei harren giet. De auto's binne troch in wein burgen.

Troch it ûngelok ûntstie op de A7 by Snits in flinke file. Dy is yntusken wer oplost.

Trefwurden: 
Snits botsing ûngelok A7
(Advertinsje)
(Advertinsje)