Rydbewizen drankriders ynfoardere yn Ljouwert

30 apr 2017 - 10:36
Alkoholkontrôle (argyffoto) - Foto: Omrop Fryslân

De plysje fan Ljouwert hat sneontenacht by kontrôles fan twa minsken it rydbewiis ynnaam. It giet om in 47-jierrige frou út de stêd en in 21-jierrige man út Grins. De Grinzer waard op de Grienewei oanhâlden en nei in blaastest die bliken dat er te folle dronken hie. Dêrop waard syn rydbewiis ynfoardere en mocht er net fierder ride.

De 47-jierrige frou waard by it Suderplein steande hâlden troch de plysje. Ek sy hie te folle dronken en moast nei de blaastest te foet fierder.

(Advertinsje)
(Advertinsje)