Oarlochsferhalen bondele yn boek Tineke van der Wal

30 apr 2017 - 08:33

Dizze woansdei wurdt yn it Fries Museum yn Ljouwert in boek oerlange mei dêryn tolve bysûndere ferhalen oer de Twadde Wrâldoarloch. It giet dan om persoanlike ferhalen fan minsken dy't de oarlochstiid yn Fryslân meimakke ha as bern. Sa befettet de bondel bygelyks in ferhaal fan in jonge dy't fjouwer jier net yn in bêd slept hat, of in famke dat ynienen each yn each stie mei in Ingelske piloat.

It boek is skreaun troch de 20-jierrige fotografe Tineke van der Wal fan Feanwâlden. Se gie op syk nei bysûndere ferhalen út de oarloch, om derfoar te soargjen dat dy net fergetten wurde. Otto Kuipers fan Tresoar en Hans Groeneweg fan it Frysk Fersetsmuseum sille it ferhaleboek takom woansdei yn ûntfangst nimme.

(advertinsje)
(advertinsje)