Auto yn de brân op parkearplak yn Snits

© BTB Media
De brânwacht fan Snits is sneontejûn útriden foar in autobrân op in parkearplak oan de Doktor Boumawei yn de stêd. Doe't de helptsjinsten arrivearren, die bliken dat de efterkant fan de auto yn de fik stie. De brânwacht hie de brân gau ûnder kontrôle, mar de auto is wol folslein ôfskreaun.
De helptsjinsten tinke dat de auto yn de brân stutsen is. De plysje docht ûndersyk nei wat der sneontejûn krekt bard is.