VV Hearrenfean pakt trije punten mei winst op MSC Meppel

29 apr 2017 - 21:59

VV Hearrenfean hat sneontejûn mei 1-0 wûn fan MSC Meppel. Yn de earste helte giene beide teams lyk op en wiene der net in soad kânsen. By rêst wie de stân dan ek 0-0. Pas yn de 72e minút skeat VV Hearrenfean raak. Jacco Kuiper wist in penalty te fersulverjen. MSC Meppel koe neat mear ynbringe en sa bleaune de trije punten by de Feanster thúsploech. Mei noch twa wedstriden te gean stiet Hearrenfean op it trettjinde plak. Bliuwt dat sa dan moat der neikompetysje spile wurde om yn de haadklasse te bliuwen.

Trefwurden: 
VV Hearrenfean fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)