Eilanner transportbedriuw Ridder fierder sûnder De Vries

29 apr 2017 - 21:44

It eilanner transportbedriuw Ridder & De Vries sil tenei fierder sûnder Jurrian de Vries. De bedriuwsnamme bliuwt wol itselde. It bedriuw ûntstie yn 2010 nei de fúzje fan Ridder mei De Vries Transporten en hat in fêstiging op It Amelân en Skiermûntseach. Boppedat is der in distribúsjesintrum yn Holwert en ek yn Ljouwert tegearre mei Transport Service Terschelling. Jurrian de Vries ferlit no it bedriuw en sil him rjochtsje op de ferhier fan saaklik fêstgoed.

De namme Ridder is al sûnt 1850 ferbûn oan frachttransport en persoaneferfier en is in echt famyljebedriuw. Troch de jierren hinne is it fan heit op soan oergien. It bedriuw ferfiert alle dagen guod fan en nei It Amelân en Skiermûntseach.

(Advertinsje)
(Advertinsje)