Acht koaren en fjouwer poadia op Shanty Festival

29 apr 2017 - 20:37
Foto: Frank Vink

Op It Hearrenfean is sneontemiddei it Shanty Festival hâlden. It pleatslike koar de Flora Shanty's organisearre it festival yn gearwurking mei de middenstân en de gemeente. Sân befreone shantykoaren út ûnder oare Akkrum, De Westereen, Drachten, De Knipe en Delfsyl wiene ek te hearren en te sjen foar it publyk. De optredens wiene ferdield oer fjouwer poadia yn it sintrum fan It Hearrenfean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)