Sven Kramer brekt skouderbonke by fal yn hurdfytskoers

29 apr 2017 - 19:10
Sven Kramer - Foto: ANP

Sven Kramer is sneon fallen by in hurdfytskoers yn Drinte. De reedrider hat dêrby syn linkerskouderbonke brutsen. Hy is oerbrocht nei it sikehûs yn Amersfoort en wurdt dêr sneontejûn operearre. Dat meldt syn reedrydploech LottoNL-Jumbo op Twitter. Ferwachte wurdt dat er nije wike wer stadich de training oppakke kin.

Kramer docht wol faker mei oan hurdfytswedstriden as tarieding op it reedrydseizoen. Hy woe sneon de 200 kilometer lange PWZ Zuidenveldtour ride. Op 5 kilometer foar de finish is er fallen. Kramer is oan it trainen foar de Olympyske Spelen fan 2018 yn Súd-Koreä.

(Advertinsje)
(Advertinsje)