Loftskouts fine kosten fleanfjild Drachten te heech

29 apr 2017 - 18:15

De loftskoutklup De Drones bestiet noch mar trije jier, mar hat no al soargen oer de takomst. Neffens de klup binne de fleankosten fan it fleanfjild Drachten te heech. De loftskouts uteren sneontemiddei harren soargen by de gemeentepolityk fan Smellingerlân, by de earste kear fleanen fan dit seizoen. De klup wol stipe fan de gemeente, want troch de hege kosten is it fleanen mei de skouts djoer. Se betelje no 10 euro de man, mar dat is likernôch de helte fan wat der foar elk lid oan fleankosten betelle wurde moat, sa seit praktykbegelieder en teamlieder Jeroen Scholte fan De Drones.

Der binne net allinne soargen oer de besteande kosten. Mooglik wurdt it fleanfjild privatisearre en dêrtroch soe it fleanen noch djoerder wurde kinne. Dat bringt it flean-leartrajekt fan de loftskouts yn gefaar, sa tinkt Scholte. De skouts fleane no twa kear yn it jier, mar dat soene se dan werombringe moatte nei ien kear yn it jier of yn de twa jier.

(advertinsje)
(advertinsje)