Hallumer iepenloftbad krijt goed 5000 euro by iepening

29 apr 2017 - 17:42

Ferwaarme iepenloftswimbad De Sawn Stjerren yn Hallum hat sneontemiddei by de iepening in sjek fan goed 5000 euro oerlange krigen. It jild is fertsjinne mei in grutte rommelmerk foar it swimbad. De Sawn Stjerren waard ferline jier mei stipe fan de gemeente en in hiel soad frijwilligers rêden en kin de finansjele stipe goed brûke. Mar eins moat der noch folle mear yn de sportferieningen fan it krimpdoarp ynfestearre wurde, sa fine de ynwenners fan Hallum. In plan fan 900.000 euro wêrby ynset wurdt op mear gearwurking, hat it lykwols net helle by de gemeente.

It Hallumer swimbad is net it iennichste dat wer iepen is, nettsjinsteande it kâlde waar. De earste iepenen de doarren ferline wykein al. Benijd wannear't it iepenloftswimbad by jim yn de buert iepen giet? Sjoch it op ûndersteande kaart:

(Advertinsje)
(Advertinsje)