FIDEO: Kollum is klear foar wettersporttoerist

29 apr 2017 - 17:12

Kollum is hielendal klear foar de wettersporttoerist. De nije passantehaven waard sneon offisjeel yn gebrûk naam. It plak wol him mear profileare as wettersportdoarp. It moat de tagongspoarte wurden nei it Lauwersmargebiet en de Waadsee. Der is 2,5 jier wurke om dit foar elkoar te krijen. Sa binne der ekstra oanlisplakken foar boaten makke, binne brêgen ferhege en is de Sylsterryd útbaggere. Neffens campingeigener Gerrit Barkmeijer sit Kollum op 'it fuottenein fan Fryslân' wat it wettersporttoerisme oanbelanget en dêr moat mei de nije haven feroaring yn komme.

Trefwurden: 
wettersport Kollum toerisme
(Advertinsje)
(Advertinsje)