ONS Boso Snits spilet 1-1 lyk tsjin FC Lisse

29 apr 2017 - 16:42

ONS Boso Snits pakte sneon in knap punt mei in 1-1 lyk spul by en tsjin FC Lisse. De Snitsers liken lang op in oerwinning ôf te gean. Yume Ramos tekene yn de 68e minút fan de 11 meter ôf foar de iepeningstreffer nei in oertreding op Ale de Boer. Dyselde Ramos krige knappe kânsen op de twadde treffer, mar fersomme de marzje út te wreidzjen. Yn ekstra tiid krige de ploech fan trainer Richard Karrenbelt it lid op 'e noas doe't Lisse de lykmakker op it boerd sette. It is no wis dat ONS ek takom seizoen yn de tredde difyzje útkomt.

Trefwurden: 
ONS Boso Snits fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)