Twa pearkes briedende see-earnen yn gebieten Fryske Gea

29 apr 2017 - 14:26

Fryslân is twa spantsjes briedende see-earnen riker, beide yn gebieten fan It Fryske Gea. It giet om in briedgefal yn De Alde Feanen en ien yn de omjouwing fan Koudum. Dat betsjut dat der no trije briedgefallen binne yn ús provinsje. Ien spantsje fan de 'fleanende doar' briedt yn it Fryske part fan it Lauwersmargebiet by kollega-natuerbehearder Steatsboskbehear.

Briedende see-earnen binne hiel gefoelich foar fersteuring, al hielendal as der foar it earst bret wurdt. Dêrom is der ek foar keazen de jonge fûgels net te ringjen. "Ringûndersyk is wichtich, mar it wolwêzen fan de fûgels is wichtiger", seit direkteur Henk de Vries fan It Fryske Gea, dy't net ferjitten is dat der ferline jier noch in see-earn deasketten is yn ien fan syn gebieten.

Kamera's

Om de nêsten te beskermjen wurde ûnder oare kamera's ynsetten. Dat der no see-earnen briede is benammen yn De Alde Feanen gjin grutte ferrassing; de soarte sit it hiele jier rûn al yn it nasjonale park en der waard al rekken hâlden mei in earste briedgefal.

Natuerbehearders sjogge it as in kroan op harren wurk as der see-earnen ta brieden komme, omdat soks wol wat seit oer de kwaliteit fan in natuergebiet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)