Poalske frachtwein sit fêst op fytspaad by Gerkeskleaster

29 apr 2017 - 14:06

De bestjoerder fan in Poalske frachtwein is sneontemoarn hielendal fêst komme te sitten op de Monnikewei by Gerkeskleaster. De dyk giet dêr oer yn in smel fytspaad. De sjauffeur helle in pealtsje út it fytspaad en ried fierder, mar kaam fierderop yn in bocht hielendal fêst te sitten.

It is noch net dúdlik hoe't de frachtwein fuorthelle wurde moat.

(advertinsje)
(advertinsje)