UPDATE: Steuring brêge Ofslútdyk, ferkear komt op gong

29 apr 2017 - 15:30

It ferkear op de Ofslútdyk rjochting Amsterdam komt stadichoan wer op gong. De noardlike brêge by de Lorentzslûs is noch hieltyd stikken, mar it ferkear wurdt oer de súdlike brêge laat. Beide rjochtingen hawwe ien rydstrook beskikber. Sneontemiddei om ien oere hinne ûnstie der in steuring yn de draaibrêge, dy woe net langer ticht. Der ûntstie in lange file op de A7 rjochting Noard-Hollân.

Monteurs binne dwaande om de steuring op te lossen. It is net dúdlik hoe lang dy noch duorje sil. De lêste jierren binne der mei regelmaat steuringen oan de brêgen yn de sneldyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)