Joost Zwagerman soe útstalling Kuitwaard iepenje

© ANP
De ferneamde skriuwer en keunstskôger Joost Zwagerman (1963-2015) hie de útstalling fan Christiaan Kuitwaard iepenje sillen, dy't op it heden yn museum Belvédère te sjen is. Zwagerman wie in leafhawwer fan it wurk fan de Fryske keunstner. De útstalling 'Licht en Stilte' is de earste solo-útstalling fan Christiaan Kuitwaard dy't yn syn wurk boartet mei ljocht, skaad en stilte.
De útstalling stie al jierren yn de planning, mei op advys fan grûnlizzer Thom Mercuur, dy't ferstoar yn 2016. Hy betelle sels út eigen bûse it profesjoneel fotografearjen fan alle wurken foar de katalogus. Kuitwaard fertelt dit yn in reportaazje dy't snein yn it programma Buro de Vries te hearren is.