Burgumer (19) oanhâlden foar besit xtc-pillen

29 apr 2017 - 10:22

In 19-jierrige jonge út Burgum is freedtenacht yn Drachten oanhâlden foar it yn besit hawwen fan drugs. De Burgumer waard op de Ringwei oan de kant set en wie swier ûnder ynfloed. Ut ûndersyk die bliken dat hy xtc-pillen by him hie.

Dy binne yn beslach naam. De Burgumer sit noch fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Drachten xtc drugs Burgum plysje
(advertinsje)
(advertinsje)