Bestelbuske botst tsjin fangrail op A7 by Terwispel
By in ûngelok op de A7 by Terwispel is de bestjoerder fan in bestelauto sneontemoarn licht ferwûne rekke. De betjoerder rekke troch noch ûnbekende oarsaak yn de middenberm telâne en botste tsjin de fangrail.
Ambulânsemeiwurkers hawwe de bestjoerder behannele. De oarsaak fan it ûngelok wurdt noch ûndersocht.