Ljouwerters hâlde strjitrace: rydbewizen en auto's ôfpakt

29 apr 2017 - 09:17
Foto: Omrop Fryslân

De plysje yn Ljouwert hat freedtejûn de rydbewizen en de auto's fan twa strjitracers yn beslach naam. De Ljouwerters fan 18 en 25 jier rieden mei hege snelheden troch Ljouwert en hellen libbensgefaarlike stunts út. Se rieden mei in snelhyd fan 145 kilometer oer de krusing fan de Aldlânsdyk mei de Henri Dunantwei en hellen rjochts yn. De 18-jierrige bestjoerder hie syn rydbewiis noch mar krekt. Fierder waarden der by in ferkearskontrôle sân bestjoerders bekeurd foar it meitsjen fan te folle lûd mei harren auto.

Dêrneist waarden boetes útskreaun foar it riden troch read ljocht, te hurd riden en rjochts ynhelje. Yn de auto fan in 19-jierrige Ljouwerter waarden tritich himpplanten fûn. De man is oanhâlden, om't hy gjin jildich rydbewiis hie.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert strjitracer
(advertinsje)
(advertinsje)