"It wiene moaie goals en it publyk is goed fermakke"

28 apr 2017 - 23:17

Cambuurtrainer Sipke Hulshoff wie freedtejûn in grutsk man. De manlju fan syn alvetal koene mei 4-1 de tsjinstanners fan FC Eindhoven bliid útswaaie. "De jonges hawwe it echt fantastysk dien. It wiene moaie goals en it publyk is goed fermakke. De iene oanfal wie noch moaier as de oare. Dizze lijn moatte we trochsette nei de play-offs."

Mei de 3-0 rêststân kaam Cambuur ûntspannen it fjild op, mar de jonges fan FC Eindhoven iepenen fuort mei in doelpunt. In learmomint neffens ferdigener Jordy van Deelen. "We stonden niet goed achterin. Zij kwamen erg scherp uit de kleedkamer met een extra aanvaller en met hun minder lange ballen. Maar het is zo gelopen en volgens mij mogen we tevreden zijn."

Ek foar spits Ricardo Kip wie it in moaie jûn, ek al stie er mar 15 minuten op it fjild. Troch in blessuere oan syn kût mocht er sûnt desimber oan de sydkant sjen hoe't syn maten spilen. "Ik heb keihard gewerkt om weer terug te komen. Natuurlijk ben je wel betrokken bij je team en ben je na de wedstrijd ook gewoon in de kleedkamer te vinden, maar meespelen op het veld is toch anders." Yn dat iene kertier fan de wedstryd koe Kip wer wat wenne oan it keunstgers. "Ik voel me goed en ik heb nergens last van, behalve dan van dat ik niet heb kunnen scoren. Maar dat doen we volgende keer beter."

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)