Faber by it keninklik diner: "Untspannen en bysûnder"

28 apr 2017 - 22:53

It diner mei de kening wie ûntspannen en de sfear wie goed. Oan alle tafels sieten hofdames om de petearen geande te hâlden mar dat wie net nedich. Dat seit Pieter Thys Faber fan Wommels. Hy wie ien fan de 150 gasten fan kening Willem-Alexander yn it paleis op de Dam. Fanwege syn fyftichste jierdei hie de kening minsken útnûge dy't krekt as hy jierdei wiene en in kroanjier fierden. Faber is op deselde dei berne as de kening, 27 april 1967.

By de doar fan it paleis waarden alle gasten persoanlik wolkom hjitten troch de kening. Nei in bakje kofje begûn it diner en hâlde de kening in taspraak. Dêr waard stilstean by guon gasten en in toast útbrocht op 'ús jierdei'. "It wie hartstikke leuk." Sa fertelt Faber, "it keninklik pear rûn tusken de minsken troch en makken mei elkenien eefkes in praatsje, it wie heel ûngetwongen en nijsgjirrich. Dit meitsje je mar ien kear yn je leven mei, en dat de kening dit docht fyn ik toch wol hiel spesjaal. Hy hie him ek wol ferdjippe yn de minsken dy't der wiene." sa fertelt Faber.

Foar Pieter Thys is it feest lykwols noch net foarby. Sneon fiert er syn jierdei wiidweidich mei syn famylje en kunde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)