Ljouwerter bern leare sûn itensiede yn KinderResto's

Bern leare oer sûn iten en in sûne libbensstyl © Facebook Restaurant Van Harte
Bern tusken de 8 en 13 jier út de Ljouwerter wenwiken Bilgaard en Achter de Hoven kinne fan heal maaie ôf lessen yn itensiede folgje. Yn de saneamde KinderResto's krije se yn tsien lessen fan alles mei oer sûn itensiede, hygiëne en in sûne libbensstyl. It KinderResto is in inisjatyf fan de maatskiplike organisaasje Resto VanHarte, dy't sosjale buertrestaurants opset. Doel is dat bern op boartlike wize nije freontsjes meitsje en leare om grutsk op harsels te wêzen.