VC Snits drok op syk nei jild foar Europeesk aventoer

Follybalklup VC Snits is hurd op syk nei sponsoaren om in nij Europeesk avontoer te beteljen. Troch de bekerwinst is Snits wis fan Europeesk follybal. Mar om it avontoer fan de froulju te beteljen is 50.000 euro nedich. Dat moat genôch wêze om twa ronden te beteljen. It jild is der lykwols noch net. It bestjoer is drok yn petear mei besteande en mooglik nije sponsoaren. Neffens foarsitter Jabik Broersma giet it dan noch net om konkrete bedragen mar allinnich noch mar om in garânsjestelling. De kontrakten folgje dan letter.
In Europeesk avontoer is wichtich mar ek kostber foar in follybalklup. De klup kin him sjen litte nei bûten ta. Dat is goed foar de sponsoaren. De oare kant is dat elts duel, út en thús, sa'n 25.000 euro kostet. It measte jild giet nei de ferbouwing fan de hal. Sa moat der in tydlike flier lein wurde en moatte ek de ferbliuwskosten fan de tsjinstanner betelle wurde. Foar de spilers is it fan grut belang. Troch Europeesk te spiljen wurde de froulju better. Kommende snein spylje de froulju fan VC Snits it earste duel om it lânskampioenskip tsjin Sliedrecht Sport.