Henk de Jong lilk oer artikel Voetbalprimeur

28 apr 2017 - 20:58
Henk de Jong - Foto: Omrop Fryslân

Trainer Henk de Jong fan De Graafschap is lilk om in ynternetartikel dat tongersdei op de webside Voetbalprimeur publisearre is. Dat fertelt De Jong oan in ferslachjouwer fan Foxsports. Yn de kop fan it artikel op Voetbalprimeur -dat ûnderwylst oanpast is- soe him ferwiten wurde dat hy spiler Roger Meijer fuortstjoerd hawwe soe. De eardere trainer fan Cambuur seit ,,Ik ben stapelgek met die jongen. Rogier Rogier promoveert naar NEC, naar een eredivisieclub. Maar dan knippen en plakken die mensen wat en dat zetten ze online. Dit moet gewoon niet. Ik heb ook een gezin."

(Advertinsje)
(Advertinsje)