Nij gebou en ferljochting foar golfklup Lauswolt

© Golfklup Lauswolt
Golfklup Lauswolt lit foar hast seis ton in nij gebou delsette op de golfbaan yn Beetstersweach. Der komt ek nije ferljochting. De leden fan de klup binne dêrmei akkoart gien. Mei de nije ferljochting kin der nei fiven middeis spile en lesjûn wurde, ek yn de wintermoannen.
Der komme ek hast trijehûndert sinnepanielen, wêrmei't de klup hast enerzjyneutraal is. It bouwurk begjint nei alle gedachten begjin takom jier.