Jonge seehûntsje Gijsje hat it net opret

Gijsje de Gûler © Seehûnekresj Pieterburen
It jonge seehûntsje Gijsje, dat ôfrûne snein binnenbrocht is by de seehûne-opfang yn Pieterburen, is dea. Gijsje krige lanlik in soad omtinken omdat er de lytste pup wie dy't dêr ea opfongen waard. It bistje wie hiel swak en hat it nettsjinsteande de yntinsive fersoarging net opret. Gijsje wie te betiid smiten. Normaalwei begjint it berteseizoen fan de grize seehûn ein maaie.
It seehûntsje wurdt nei de fakulteit foar bistegenêskunde yn Utrecht brocht foar neier ûndersyk, omdat it seehûnesintrum yn Pieterburen it belangryk fynt om te witten wat de deadsoarsaak west hat, mar ek oft der in oarsaak fûn wurde kin fan de betide berte fan Gijsje.