Syngroan foarlêze nei de deadebetinking

28 apr 2017 - 15:39

Toanielselskip Tryater organisearret takom tongersdei 4 maaie in foarlêzen fan in spesjale teätertekst. Tryater slút dêrmei oan by Theater Na de Dam, wêrby't akteurs fan de grutste toanielselskippen fan Nederlân op itselde momint deselde tekst presinteare, nei de deadebetinking op 4 maaie. De tekst dy't lêzen wurdt is 'Voorbij het strijklicht' fan Rebekka de Wit. Yn Ljouwert lêze akteurs fan Tryater de tekst yn it Frysk, mei as titel 'It strykljocht foarby'. De tekst wurdt lêzen yn kombinaasje mei parten út Het Onderzoek fan Peter Weiss, de dramatisearre werjefte fan de Auschwitzprosessen. Yn de jierren sechtich wie it gebrûk om nei de deadebetinking passende toanielteksten foar te lêzen.

Yn it ramt fan Theater na de Dam binne der noch twa foarstellingen yn Ljouwert. Meeuw Jonge theatermakers spilet Jonge helden en NHL Productiehuis de Kunsten Oorlogskind, beide ek op 4 maaie om 21.00 oere.

Betinke en teäter


Theater Na de Dam is in inisjatyf fan de teätermakkers en filosofen Jaïr Stranders en Bo Tarenskeen. Yn 2010 makken sy harren drok oer de ôfnimmende sizzenskrêft fan de Nationale Dodenherdenking. Dit begûn yn sân teäters om de Dam yn Amsterdam hinne en is útgroeid ta in lanlik fenomeen dêr't mear as fyftich foarstellingen, dy't elk op harren eigen wize oer de Twadde Wrâldoarloch geane, tagelyk by útfierd wurde.

Trefwurden: 
Tryater Na de Dam
(Advertinsje)
(Advertinsje)